Ynlieding

Ut it perspektyf wei fan in nasjonale of ynternasjonale filmografy is de Fryske filmskiednis lyts en beskieden. Dat is net ferwûnderlik. Fryslân leit yn de perifery en hat gjin grutte stêden, twa drompels foar it ûntstean fan in dynamysk en ynnovatyf filmklimaat. Fryslân hat net echt grut jild, in betingst foar in bloeiende filmyndustry. Fryslân hat in beheinde yntellektuele elite. Minsken mei kreativiteit en driuw om te fernijen ferdwine faak al jong nei de Rânested. En Fryslân wie benammen grifformeard en behâldend, gjin goede boaiem foar in modernistyske en ekshibisjonistyske keunstfoarm as de sinema.

 Film yn de Europeeske perifery. Hoe sjocht dat derút en hoe ûntjout him soks? Yn Fryslân dochs wol tige nijsgjirrich en ferrassend no en dan. Dat komt tink ik omdat yn guon sektoaren Fryslân gjin perifery mar sintrum fan de wrâld wie. Ik doel dan benammen op de lânbou; suvel, feehâlderij, rundfeestamboek en hynstefokkerij. Dêr siet jild en dêr lei in belang om film foar promoasje yn te setten. Twa bloeiperioades foar de film yn Fryslân kypje derút, de jierren tritich en de jierren santich-tachtich. Yn beide perioades sjogge wy in bondeling fan kreften, dy’t makke dat in begjinnend eksperimint lanlik fernijend wurde koe.

 Yn de jierren tritich fine skriuwers, tonielmakkers, musisi en amateurfilmers elkoar yn it kollektyf ‘Film yn Fryslân’. Dat liedt ta de earste Frysktalige spylfilm en in tal bysûndere filmproduksjes oer it Fryske bedriuwslibben en de Fryske suvel en feehâlderij. Yn de jierren santich ûntstiet der op ‘en nij in kollektyf, mar no benammen fan alternative filmleafhawwers- en fertoaners. It Fries Film Circuit wurdt opset, in netwurk fan plakken yn de provinsje dêr’t baanbrekkende, fernijende ynternasjonale films draaid wurde. It sil ek de oanset betsjutte foar it Fries Film Festival (no Noordelijk Film Festival), it Fries Film Archief (it earste regionale filmargyf yn Nederlân) en it ûntstean fan in lyts mar libben filmklimaat mei in tal bysûndere filmmakkers. Yn 1985 ferskynt de earste echte Frysktalige spylfilm, De Dream, fan Pieter Verhoeff. Wer is der sprake fan in bondeling fan krêften út literatuer, teater, muzyk en film. It is in trochbraak, in momint fan emansipaasje fan in lytse regio, dy’t syn eigen taal, skiednis, kultuer en kreativiteit op ‘e kaart sette wol.

 No’t Ljouwert de lêste desennia mear studintestêd wurden is en der better yn slagget om kreatyf talint te binen, lizze der kânsen om in bloeiend filmklimaat op te bouwen. De wrâld is lytser wurden, de filmkeunst-, kunde en technyk lizze online foar it gripen. Jonge filmmakkers wurde útdage troch opliedings as Multimedia Design en kompetysjes as The 48 Hour Film Project, in grut súkses by de lêste edysjes fan it Noordelijk Film Festival. Ferskate foarbylden yn Europa bewize dat ynvestearje yn film in regio op de kaart sette kin en in wichtige stimulâns foar wurkgelegenheid, toerisme en kultuer betsjutte kin. As Europeske Kulturele Haadstêd sil Ljouwert yn 2018 yn de skynwerpers stean. Film is in goed medium om te besykjen dy nije oandacht foar ús regio fêst te hâlden. Der leit fruchtbere grûn: opliedings (multimediaal en popakademy), teaterkultuer (Tryater, amateurtoaniel en al dy iepenloftspullen), jonge talintfolle filmmakkers, skriuwers en in literêre tradysje, setting (kultuer, meartalichheid, skiednis, filmyske plakken en lânskippen). Op it stuit libje der plannen foar in nij filmplatfoarm yn Fryslân. Dat fertsjinnet alle stipe fan de Provinsje Fryslân en de kulturele ynstellings. It is in kwestje fan fyzje en wil om – lykas yn de jierren tritich en santich – de krêften opnij te bondeljen en in goede finansieringsstruktuer op te setten. Dan is it mooglik om de fersuchting fan de Fryske filmmakker Henk Penninga, dat film yn Fryslân in drege saak is omdat wy in toniellân binne, efter ús te litten.

 De folgjende beskriuwing fan de skiednis fan de film yn Fryslân is tige sketsmjittich. Ik lit de wichtichste feiten en ûntjouwingen sjen. Ik haw neilitten om dizze skets yn in nasjonale en ynternasjonale (film)kontekst te pleatsen. In yntegrale skiednis fan de film yn Fryslân, ynklusyf dizze kontekst, hoopje ik de kommende jierren yn gearwurking mei in tal oare auteurs te skriuwen. Foar no dizze earste skets.