Oarlochsjierren

Bultsma Verzet in Leeuwarden still

De perioade ’40-’45 is in drege tiid foar de Nederlânske filmmakkerij en in bloeitiid foar de bioskopen. Noait earder gean safolle minsken nei de film. Der wurde Nederlânske en Dútske films fertoand en films út troch Dútslan besette lannen. Fan augustus 1940 ôf stean alle professionele filmmakkers ûnder sensuer. Fan begjin 1941 ôf is de bioskoop foar Joaden ferbean terrein. Nije Nederlânske films wurde der hast net makke. Mar de firma’s Polygoon en Profilti florearje mei harren propagandistyske wyksjoernaals.

De amateurfilmerij, dy’t yn de jierren tritich begjint op te kommen, krijt in flinke tebeksetter. Filmmateriaal wurdt djoerder en krapper en is oan ’t ein fan de oarloch hast net mear te besetten. Jo moatte boppedat tige oppasse mei filmjen yn it iepenbier. Fierút de measte amateurfilms út dizze periaode dy’t yn it Fries Film Archief lizze, litte ûnskuldige bylden fan it deistige (famylje)libben sjen. As is der neat oan de hân en is it libben yn Fryslân foar de filmmakker like idyllysk as yn de jierren tritich. In pear amateurfilmers hawwe it oandoard om de donkere kant fan de besettingstiid fêst te lizzen. Sa filmet tandarts Ruerd Rodenburg út Ljouwert yn 1942, hoe’t syn joadske oerbuorlju troch in Ljouwerter plysjeman fan hûs helle wurde om op ’e de trein nei Westerbork set te wurden. Hy filmet it achter de fitraazje fan syn sliepkeamersrút wei. Yn febrewaris 1945 filmet de Dokkumer autobusdirekteur Oeds Andries Brouwer troch syn soudersrútsje, hoe’t de tweintich fusillearre mânlju op de iisbaan by him achterhûs ûnder it each fan Dútske offisieren bekiste wurde. Hy filmet foarhûs ek noch hoe’t de lykkisten mei hynder en wein fuortbrocht wurde. By de befrijing in pear moanne letter komme Fryske amateurfilmers foar it ljocht mei de lêste foarriedige filmroltsjes om de freugde te filmjen. George Pothaar út It Hearrenfean hat foar dizze gelegenheid in kleureroltsje bewarre.

Twa dagen nei de befrijing fan Ljouwert (15 april 1945) lit Eppie Bultsma, haad ynljochtingen fan it Ljouwerter ferset, in film meitsje oer it ferset yn en om de haadstêd. Op de oarspronklike lokaasjes spylje ferskate fersetsminsken en akteurs ‘rekonstruksje-sênes’ nei. Sa wurdt ûnder oaren it wurk fan de ‘luisterpost’ ferfilme. Dat is in achterkeammerke by boekhannel Wielenga oan de Nije Oasterstrjitte 9. Tusken 26 febrewaris en 15 april 1945 wurde seis dagen yn ‘e wike, 24 oeren deis de ferhoaren en martelingen fan de Sicherheitsdienst yn it Burmaniahûs en it telefoanferkear tusken Burmaniahûs en finzenis Blokhúspoarte ôflústere. As immen driget troch te slaan, wurde minsken foar wa’t gefaar driget daliks troch koeriersters warskôge. Wurknimmers fan de PTT hawwe de ôflústerapparatuer op fersyk fan it ferset pleatst. Fokke Sierksma hat de skiednis fan de lústerpost beskreaun yn syn boek Grensconflict, yn 1948 ferskynd ûnder it pseudonym Frank Wilders. Pas yn 1991 dûkt de film oer it ferset op út de neilittenskip fan Bultsma, dy’t yn 1949 teloarsteld nei de Feriene Steaten emigrearre is. De soan fan Bultsma rommet nei de dea fan syn mem it âlderlik hûs op en fynt de filmblikken en oare dokumintaasje oer it fersetswurk, mei oantekeningen fan syn heit. Hy stjoert alles op oan it Fries Verzetsmuseum, dat folslein ferrast en út ’e skroeven is. Op de film blike ek noch unike bylden te stean fan de besite fan prinses Juliana, prins Bernhard en premier Gerbrandy oan Ljouwert yn july 1945. Bultsma hat de film meitsje litten, bewarre, mar noait fertoand. Wêrom is noch altyd net dúdlik. Miskien omdat de kwaliteit fan de film him tsjinfoel of omdat er mieningsferskillen mei oare âld-fersetsminsken hie oer wat him yn en om it Ljouwerter ferset ôfspile hie? It fersetsmuseum hat de film beskreaun en der in ynformative voice-over by meitsje litten. De 16mm-film fan Bultsma leit yn it Fries Film Archief, mei de rest fan de film- en videokolleksje fan it fersetsmuseum.