Filmmakker Steven de Jong

Ek foar Steven de Jong (1962) foarmet de Fryske literatuer in wichtige ynspiraasjeboarne. Yn 1995 ferfilmet er De Gouden Swipe, nei de roman fan Abe Brouwer. Fiif jier letter makket er De Fûke, nei it ferneamde boek van Rink van der Velde út 1966. De Jong begjint syn filmkarriêre by Oskar, de lokale omrop van de gemeente Skasterlân. Ein jierren tachtich is er dêr programmamakker en presintator. Yn 1990 brekt er troch as akteur yn de rol fan Huub by de populêre televyzjesearje Zeg ‘ns Aa. Mar hy wol films meitsje. Yn 1995 makket er syn dream wie mei de De Gouden Swipe en fiif jier letter folget De Fûke. Wa’t Steven de Jong seit, seit Rense Westra. Yn alle films fan De Jong hat Westra in rol, mar yn De Fûke spilet er as de fiskerman Jelle miskien wol de moaiste rol út syn karriêre. Steven de Jong sels spilet soan Germ. De film leveret De Jong twa nominaasjes foar in Gouden Kalf op, foar bêste regisseur en bêste manlike byrol. De Jong hat ek De Kast in poadium jûn. Se brekke troch mei In Nije Dei, de titelsong fan De Gouden Swipe. Syn tredde boekferfilming, no in Nederlânske, is De schippers van de Kameleon (2003). It is de bêst besochte Nederlânske film fan it jier. De Jong giet yntusken troch op ‘e toer fan de jongereinfilm en makket De Kameleon 2 (2005), De scheepsjongens van Bontekoe (2007) en twa films oer Snuf de hond (2008 en 2010). Mei De hel van ’63 (2009), in romantisearre ferhaal oer dy mytysk swiere Alvestêdetocht fan 1963.