De ‘sjoernaalfilmers’

Miskien is it deistige, lanlike nijs op telefyzje ien fan de oarsaken fan it ferskynsel ‘sjoernaalfilmers’ yn de regio. Parsefotograaf Sjoerd Andringa is ien fan de earste ‘portrettearders’ fan Fryslân. As er foar it Friesch Dagblad ûnderweis is, hat er syn filmkamera by him. Nei it meitsjen fan de foto, filmet er gauris even. Fan de filmbylden dy’t er sa troch it jier hinne makket, monteart er sjoernaals. It earste datearret fan 1956-1957, it lêste fan 1983-1992. Yn in tiid dat der noch gjin regionale telefyzje is, leit Andringa ûngemurken en faaks ûnbedoeld de Fryske aktualiteit fêst. As parsefotograaf sit er boppe op it Fryske nijs en syn filmsjoernaals binne dêrom tige nijsweardich. Hy makket yn 1963 ek in moaie film oer de Frisiana yn de Frieslandhallen, de earste kear dat Fryslân him grut promoasjoneel toant oan de wrâld.

Yn de jierren sechtich en santich sille der mear sjoernaalfilmers folgje. Bygelyks de Ljouwerter brêgewachter Cornelis Bruinsma en de Ljouwerter manus fan alles Eduard Janse, beide amateurfilmers. De sjoernaalfilm wurdt ek oantreklik as kommersjeel konsept. Sa makket professioneel filmmakker Anton Stoelwinder út De Gerdyk jierrenlang Drachten Journaals foar de gemeente Smellingerlân. Yn Fryslân is Stoelwinder ien fan de fêste kameraminsken fan Johan van der Zee, de makker fan it súksesfolle telefyzjeprogramma Van Gewest tot Gewest, dat yn 1965 úteinset en it oant 2004 op de publike omrop folhâldt. It programma hat grutte dokumintêre wearde, sa’t Gewest Fryslân bewiist, it retrospektyf oer in tal Fryske reportaazjes út Van Gewest tot Gewest, dat Eelke Lok koartlyn mei Johan van der Zee makke foar Omrop Fryslân. In oare bekende Fryske filmmakker foar wa’t de sjoernaalfilm in poadium betsjut, is Henk Penninga. Tusken 1976 en 1978 makket er Harnser stedssjoernaals. Yn 1980 folget syn earste dokumintêre Hoe een haven niet kon en er toch kwam, in film oer de skiednis fan de havens yn Harns.