Richard Hageman (Ljouwert, 1881- Beverly Hills, 1966) is de iennichste Fries dy’t in Oscar wûn hat. Hy wie in ferneamd komponist, dirigint en pianist yn de Feriene Steaten en skreau ûnder oaren muzyk foar opera en film. Yn 1939 kriget er, mei inkele oare komponisten, in Oscar foar de muzyk by de film Stagecoach fan regisseur John Ford. Hy hat ek lytse filmrollen, bygelyks dy fan dirigint yn de film The Great Caruso (1951). Yn 2014 betinkt Ljouwert him op bysûndere wize mei in eigen akwadukt yn de Ljouwerter Heak. Nico de Villiers en Asing Walthaus publisearje yn 2015 in moai boekje oer syn libben en wurk: Making the tailcoats fit. The life and work of Richard Hageman.