It jongste filmerskollektyf

It jongste súksesfolle fimkollektyf yn Fryslân is Kokosnoten. By it Noordelijk Film Festival fan 2015 winne se mei de koarte film Ritus it 48 Hour Film Project. Yn Nijmegen winne se dizze populêre kompetysje ek, mei de film Bodem. Op it filmfestival Filmapalooza yn Atlanta falt Ritus yn ‘e prizen en dêrnei giet it hurd. Yn maaie 2016 sit tiim Kokosnoten yn Cannes, dêr’t Ritus mei inkele oare koarte films programearre is. Regiseuse Johanneke Dijkstra, kamerafrou Kim Idsinga en editor Martien Dekker rinne yn Cannes yn gala oer de reade loper en besprekke dêr har plannen foar in langere film.