Filmmakker Pieter Verhoeff

Sûnder twivel de grutste Fryske filmmakker oant no ta is Pieter Verhoeff (De Lemmer, 1938). Hy is de regisseur fan it hichtepunt yn de Fryske filmskiednis, De Dream (1985), de earste Frysk sprutsen spylfilm. Fryske spylfilms binne in bysûnderheid, in Frysk sprutsen spylfilm is oant dan in unikum. Verhoeff, yn 1966 ofstudearre oan de filmakademy, hat syn earste Fryske spylfilm dan al makke. Het teken van het beest is de ferfilming fan de roman De houn sil om jim bylje fan Rink van der Velde, oer klompmakker Ijje Wijkstra dy’t yn 1929 fjouwer fjildwachters deasjit. Achter De Dream leit ek in histoarysk sosjaal-ekonomysk drama. De film giet oer de Hogerhuiszaak fan 1895. De trije broers Hogerhuis wurde foar in relatyf lyts fergryp, in mislearre rôfoerfal op in rike boer, dêr’t net oertsjûgend fan bewiisd wurdt dat se it dien hawwe, swier feroardield. De Ljouwerter jurist Piter Jelles Troelstra, Twadde Keamerlid foar de SDAP, fjochtet de saak oan en sprekt oer klassejústysje. Yn 1994 ferskynt Verhoeff syn trijedielige telefyzjesearje ‘De Fjoertoer’, in sterk autobiografyske film oer in dreamerige jonge yn in lyts doarpke oan it Iselmar, bejin jierren fyftich. Yn 2001 komt er mei syn fjirde Fryske histoaryske film, Nynke, in film oer skriuwster Nynke van Hichtum, troud mei Piter Jelles Troeltra. De film lit in hiel oare kant fan de ferneamde soasjalistyske foaroanman sjen en toant de striid om emansipaasje út it froulik perspektyf.

Njonken Frsyke spylfilms regisearret Verhoeff dokuminteres (Rudy Schokker huilt niet meer – 1972), satiryske telefyzje foar de VPRO (ôfleveringen van Het Gat van Nederland – 1972-1974; Jiskefet – hy is yn 1990 de earste regisseur) en Nederlânske spylfilms (Van geluk gesproken – 1987; De Zondagsjongen – 1992; De brief voor de koning – 2008). De Fryske literatuer bliuwt syn oandacht hâlden. Sa ferskynt yn 2006 Yn dat sykjen sunder finen, in filmportret fan de ferneamde Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Verhoeff wint twa kear in Gouden Kalf; yn 1981 foar Het teken van het beest en yn 1988 foar Van geluk gesproken. Marja Kok wint mei har rol fan Aaltje Botter yn Het Teken it Gouden Kalf foar de bêste aktrise. Yn Nynke skitteret Monique Hendrickx yn de haadrol. Se is krekt trochbrutsen mei De Poolse Bruid (1998) fan regisseur Karim Traidia, dêr’t se in Goude Kalf foar kriget. Foar har rol as Nynke van Hichtum wint se dy op ‘en nij. Jeroen Willems, dy’t Troelstra spilet, krijt in nominaasje, lykas Verhoeff sels yn de kategoary fan bêste regisseur.

Ien fan de geheimen fan Verhoeff syn films is de muzyk fan komponist-musikus Cees Bijlstra (1946-2004). Bijlstra is jierrenlang de pianist en kombolieder fan Rients Gratema. Hy komponearret muzyk foar syn lieten, foar tonielselskip Tryater, wurket foar Omrop Fryslan en lanlike media. Hy skriuwt de filmmuzyk by De Dream en bliuwt dêrnei Verhoeff syn fêste komponist/arranzjeur. Syn filmmuzyk wurdt altyd útfierd troch it Praachske Symfony Orkest, dat spesjalisearre is yn it utfieren fan filmmuzyk. Yn 2004 is Fryslân djip skokt troch it hommels ferstjerren fan Bijlstra. Tsien jier nei syn dea giet Dwers en Tear yn premjêre, Verhoeff syn earbetoan oan syn freon en komponist, “sûnder wa’t myn films lang sa goed net west hienen.” De filmmuzyk fan Bijlstra krige ferskate nasjonale en ynternasjonale ûnderskiedings. Yn 1986 wint er mei syn muzyk foar De Dream de priis foar de bêste filmmuzyk op in festival yn it Tsjechyske Karlovy Vary en foar syn muzyk by De Fjoertoer kriget er yn 1995 in spesjale nominaasje op it filmfestival fan Nice. By de Nederlandse Filmdagen yn 2002 wurdt der op fersyk fan Pieter Verhoeff in spesjaal konsert yn de Stedsskouburg yn Utert holden, mei útfiering fan Bijlstra syn filmmuzyk troch it Nederlands Promenade Orkest ûnder lieding fan Jurre Haanstra.

Troch de films fan Pieter Verhoeff krije tal fan Fryske akteurs – faak spilers fan tonielselskip Tryater –in lanlik poadium. Wichtige nammen binne Peter Tuinman, Freark Smink, Klaasje Postma, Joke Tjalsma, Joop Wittermans, Romke de Leeuw, Jan Arendz, Rense Westra.