Jierren tweintich en tritich

kar ut twa

Yn de jierren tweintich ûntdekt Fryslân de opdrachtfilm. Neidat Mullens foar de Frico filmet, folgje der mear. It VVV Ljouwert lit yn 1922 in film meitsje foar har 25-jierrich jubileum. Coopersburg yn Akkrum docht yn 1926 itselde. Yn datselde jier wurdt it skûtsjesilen filme as it lanlik kongres fan notarissen yn Grou delstrykt. De Federatie fan Timmerlieden Patroonsverenigingen yn Fryslân lit yn 1927 in propagandafilm meitsje dy’t yn Dokkum spilet. En it Fries Rundvee Stamboek freget de talintearre amateurfilmer Gerrit Aalfs om fanwege har 50-jierrich bestean yn 1929 in jubileumfilm te meitsjen.

Gerrit Aalfs sil de wichtichste Fryske filmmakker yn de jierren tritich wurde. As it giet om it fêstlizzen fan it ritme en de beweging fan de nije tiid kin hy de Joris Ivens fan Fryslân neamd wurde. Benammen de feroarings yn de lânbou fassinearje him. Hy filmet beide kanten; de nije masjines en it âlde boerebedriuw dat begjint te ferdwinen. Ut syn wenplak Harns wei giet er mei foto- en filmkamera op syn Harley Davidson de provinsje troch. Ien fan de grutte filmhits fan de jierren tritich is de tichting fan de Ofslútdyk op 28 maaie 1932. Se binne der hast allegear, de grutte Nederlânske sineasten: Willy Mullens, Herman van der Horst, Rudi Hornecker, Gerard Rutten, de sjoernaalfilmers fan Polygoon en Profilti. Gerrit Aalfs is ek presint. Hy folget de oanlis fan de Ofslutdyk al in skoft. Yn 1928 freget er by Rykswettersteat al in filmfergunning oan. Syn filmbylden fan it tichtsmiten fan it lêste streamgat yn de Vlieter, it momint dat de Sudersee Iselmar wurdt, binne ymposant. De grutte Joris Ivens is der net. Dy sit yn de Sovjet Uny. Foar syn film Woeste Gronden (1933) oer de Suderseewurken brûkt er Aalfs syn bylden fan it lêste partsje ôfslútdyk . Hy ‘ferjit’ lykwols syn boarne te fermelden. In part fan Aalfs syn prachtige filmkolleksje leit tsjintwurdich yn it Fries Film Archief, in oar part giet ferlern by in filmjûn fan Aalfs yn Veendam dêr’t bran ûntstiet. Lokkich bliuwt syn moaiste filmfragmint bewarre, want dat sit yn Woeste Gronden.

Gerrit Aalfs wurdt de foaroanman fan in jonge generaasje Fryske filmmakkers dy’t yn de jierren tritich namme meitsje sil. Yn 1936 ferienigje se har yn it filmerskollektyf Film yn Fryslân. Johannes Doedes de Jong en Hein Faber, twa jonge Fryske skriuwers dy’t har ynteressearje foar fotografy, slute harren oan. Oare leden binne de Harnser fotograaf Hein van den Oever en de Ljouwerter drogist Piet Plantinga (‘Pietje Pil’). Oanlieding foar it kollektyf is de jubileumfilm foar de 40-jierrige CAF. De foaroansteande sjoernalist en dichter Sybe Douwes de Jong skriuwt it skript foar dizze film en sjoernalist en lieder fan it Ljouwerter toniel, Willem Hielkema, docht de rezjy. In jier letter makket deselde groep de earste Frysktalige spylfilm, Kar út Twa, in leafdesdrama mei in happy end. It is in ‘stomme’ film, mei muzyk fan S.J. van der Molen en Frysktalige tuskenteksten. De film lûkt folle sealen yn de provinsje. Faber en De Jong reizgje mei Kar út Twa stêd en lân ôf en helje sels it sneintemoarnsprogramma fan Tuschinsky yn Amsterdam. Yn 1938 krijt it kollektyf in nije namme, De Fryske Filmrounte. De geasten skiede har yn oanrin nei en yn de oarloch. Sybe Douwes de Jong, Willem Hielkema en Johannes Doedes de Jong sympatisearje mei Nazi-Dútslan, ta ôfgrizen fan guon oaren Dy’t by Film yn Fryslân belutsen binne. De film yn Fryslân klapt útelkoar en leit op ‘e rêch.

Ien fan de oansprekkendste amateurfilmers yn de jierren tritich is útjouwer en advokaat Mindert Hepkema (1881-1947), oprjochter en foarsitter fan de Alvestêdeferiening. Hepkema is op en top sporter en makket filmkes fan syn fuotbalklup Frisia, fan syltochten mei famylje en freonen, en fansels fan de Alvestêdetocht fan 1933. Stadichoan krijt de filmkamera foet oan wâl yn it deistich libben yn Fryslân, al bliuwt it foarlopich beheind ta de happy few. Ien fan de earste froulju dy’t hjir mei in 16mm-kamera omsjout, is Aartje van Rijswijk út Den Haach. De famylje Van Rijswijk hat in húske op Flylân en Aertje leit it eilânlibben yn de jierren tritich prachtich fêst. Itselde docht dûmnyssoan Alexander van Mourik yn de omkriten fan Hantum en Dokkum en op Amelân. Troch dizze ‘famyljefilmers’ krije wy in moai byld fan de opkommende rekreaasje. Amateurfilmer George Pothaar fan It Hearrenfean is ien fan de earsten yn Fryslân dy’t yn kleur filmet. Fan 1934 ôf komme der kleurefilms op ‘e merk dy’t yn gewoane kamera’s brûkt wurde kinne. Pothaar is fertsjintwurdiger yn Nederlân foar de grutte Dútske bedriuwen Telefunken en Osram. Hy hat de nijste film- en fotoapparatuer út de earste hân. Wat is dan moaier om yn kleur te filmjen as in reis nei Venetië?! Pothaar docht dat yn 1938. Aertje van Rijswijk is dan ek al begûn om lytse stikjes Flylân yn kleur te fêst te lizzen.