Nije Fryske spylfilms

Smearlappen

It filmklimaat yn Fryslân liket hieltyd better te wurden. Hiel wierskynlik wurdt der de kommende tiid, nei it foarbyld fan Cinesúd yn Limburch, in Frysk Filmplatfoarm oprjochte: Cinenord. It platfoarm moat Fryske filmmakkers bine, jong filmtalint stimulearje en kânsen jaan, Fryske filmproduksjes – grutte en lytse – ynisjeare en nasjonale en ynternasjonale filmprodusinten en -regisseurs ynteressearje om films yn dizze regio te meitsjen. Film as medium om Fryslân as regio op ‘e kaart te setten, mei oandacht foar de Fryske taal en kultuer.

Cinenord komt op in momint dat de Fryske film in nije bloeiperioade ynsetten hat. Dat sjogge wy bygelyks oan it ferskinen fan in tal nije Fryske spylfilms. Mei de Fryske literatuer as ynspiraasjeboarne. De spylfilm Bak (2015) fan regisseur Auke de Witte is basearre op de Frysktalige thriller fan Sietse de Vries út 2012. Produsint Elbe Stevens is dwaande mei de tariedings foar de ferfilming fan De Smearlappen, de kontroversjele roman fan Anne Wadman út 1963. It skript wurdt op dit stuit oan wurke. Regisseur is de Dútse filmmakker Jan Bonny. Derek de Lint spilet de haadrol. De opnames foar De Smearlappen binne sa’t it no liket, yn 2017 en de film giet yn 2018 of 2019 yn premjêre. Filmmakker Halbe Piter Claus is dwaande mei de tariedings foar de film Understream, basearre op de roman Swarte Ingels fan Willem Schoorstra út 2004. It senario is skreaun troch Bart Kingma en Willem Schoorstra sels. De film moat yn 2018 ferskine.

Njonken dizze grutte ‘literêre’ produksjes binne der hieltyd mear jonge filmmakkers dy’t op basis fan orizjinele senario’s eigen spylfilms meitsje. In moai foarbyld is Natte Haring, in freonekollektyf fan útfleine Fryske filmmakers, akteurs, in senarioskriuwer en in komponist, dat foar de iepening fan it Noordelijk Film Festival fan 2015 de koarte spylfilm Drie mensen vinden een auto meitsje. Se binne no dwaande mei Het Grandioze Falen. Mirjam de With moat ek neamd wurde. Nei har ôfstudearfilm De ein fan ’e wrald (2007), draaid op 16mm, makke se û.o. De Keet, de súksesfolle tsiendelige dramasearje foar Omrop Fryslân. Fierders makke Halbe Piter Claus mei syn fêste senarioskriuwer Bart Kingma de jeugdsearjes De Koers (nei it boek De Deikoersen fan Remco fan Bart Kingma) en Bosk. Bysûnder is dat beide searjes earst ferskine op Youtube en pas letter op Omrop Fryslân útstjoerd wurde. Bosk komt op Earste Krystdei 2016 yn syn gehiel op Omrop Fryslân en dêrnei yn fjouwer ôfleverings fan 25 minuten.

Hjir de Youtube link nei de earste ôflevering fan Bosk.

It wurdt spannend wat Cinenord as filmplatfoarm bewurkstelligje sil. Foar it Fryske filmklimaat, en de Fryske spylfilm yn it bysûnder, binne der wrâlden te winnen.