De Fryske dokumintêre

Fryslân dok

Mear as fan de spylfilm wie Fryslân faak it lân fan de non-fiksje films. Twa nammen kypje derút. Henk Penninga makket in tal moaie dokumintêres oer it plattelân: Doarp (1995) en Ald Dyk (2007). Anton Stoelwinder, earder de fêste kameraman fan de Fryske ôfleverings fan Johan van der Zee syn telefyzjerige Van Gewest tot Gewest, pakt it fan de jierren santich ôf kommersjeel oan en bejout him mei súkses, sels ynternasjonaal, op it paad fan de bedriuwsfilm. Foar de Fryske dokumintêre wurdt Omrop Fryslân Telefyzje in grutte oanjager. Mei it konsept fan de Fryslân DOK hawwe filmmakkers yntusken in regionaal en lanlik poadium.