It begjin fan de film yn Fryslân

Minder as in jier nei de earste publike filmfertoaningen yn Europa, troch de bruorren Skladanovsky yn Berlyn en de bruorren Lumière yn Parys, begjint de film yn Fryslân. Op 16 july 1896 iepenet George Christiaan Slieker (1861-1945) de earste merkebioskoop fan Nederlân op it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Oer dy earste filmfertoaningen skreau de Ljouwerter Krante: “Rijtuigen, omnibussen, equipages, ‘elegante’ voetgangers en menschen uit het volk, alles schijnt te leven, zelfs de rook die een voorbijganger, nadat hij de cigarette uit den mond heeft genomen, uitblaast, ziet men opstijgen (…) Iedere dag is er wat nieuws te zien (…) Wie het heeft gezien, staat er ‘versteld’ van.” Tolve jier lang reizget Christiaan Slieker mei syn Théâtre Edison by merken en skouburgen lâns. Troch de konkurrinsje op achterstân set, ferkeapet er de boel yn 1907. Yn Drachten bedarre swalket er dêrnei as marsekreamer troch de Fryske Wâlden. Syn filmprojektor, de ‘kinematograaf’, de âldste fan Nederlân, ferkocht er net. De famylje skonk him letter oan Museum Dr8888. As it Ljouwerter filmhûs yn 2012 nei it nije Fries Museum oan it Wilminaplein ferhuzet en Slieker Film komt te hjitten, kriget de earste bioskoopûndernimmer fan Nederlân de eare dy’t him takomt op it plak dêr’t de Nederlânske filmskiednis yn 1896 begjint.

George Christiaan Slieker is ek ferantwurdlik foar de âldste filmbylden dy’t yn Fryslan makke binne. De merkebioskopen fertoane earst foaral oankochte films, bygelyks út de filmstudio’s fan Thomas Edison en fan de Frânske filmpionier Georges Méliès. Spektakulêre bylden fan kafeerúzjes, bokswedstriden, dûnseressen yn petticoats, eksoatyske lânskippen, folken en bisten, wûnders fan de wrald, ensfh. Troch de grutte konkurrinsje – der steane faak meardere bioskopen op ien merke – is in ferrassende programmearring wichtich. Slieker fertoant dêrom al gau films fan Nederlânske boaiem: Het Badbassin te Amsterdam, Spelende Kinderen en De Gestoorde Hengelaar, alle trije sketten troch de Amsterdamse fotograaf Machiel Laddé. De lêste titel is, foar safier bekend, de earste Nederlânske spylfilm. Filmbylden makke op lokaasje dogge it ek goed by it hongerige publyk. Dêrom draait Slieker op de Ljouwerter merke fan 1899 Het uitgaan der Dominicus-Kerk in de Speelmanstraat. Wierskynlik binne dat de âldste Fryske filmbylden. Se binne spitigernoch net bewarre bleaun.

De earste fêste bioskoop yn Fryslân, begûn yn 1910, is Friso, no Tivoli. De Witte Bioscoop op It Hearrenfean datearret fan 1912 (sletten yn 1973). Ek dy bioskoopûndernimmers draaie Fryske filmbylden. De Ljouwerter Krante fan 17 maaie 1910 meldt dat de Frisobioskoop bylden fan de Bûns keatspartij yn Ljouwert fertoant. Yn itselde stik wurdt ek neamd dat der opnames makke binne fan de fuotbalwedstryd Fryslân-Grinslân en de besite fan prins Hendrik oan Ljouwert. Op it Hearrenfean wurde yn 1913 filmbylden makke fan de Pinkstermerke en de ûnôfhinklikheidsfeesten (1813-1913). De Fryske film komt op gleed.

Publikaasjes:
- H. Nijboer & A. Walthaus, George Christiaan Slieker (1861-1945); de eerste bioscoopondernemer van Nederland, Perio Leeuwarden 1995
- Evelien van der Kooi, Film in Leeuwarden, het eerste decennium; reacties op het nieuwe medium tussen 1896 en 1906 in de Leeuwarder Courant, Utrecht 2015 (Bachelor Eindwerkstuk – Theater-, Film- en Televisiewetenschappen)