Jierren santich en tachtich

Hoe een haven

Foar de film yn Fryslân brekke de sechtiger jierren yn 1971 troch. Dan rjochtet Henk Penninga mei syn filmfreonen Theo Althuis en Bernard Kramer yn Harns it Alternatief Film Instituut (AFI) op. It AFI wol de ‘bettere film’ fertoane. Yn it pand oan de Foarstrjitte dêr’t Penninga dan wennet, draait it AFI de grutte sineasten fan it nije ferhaal en engaazjemint: Pasolini, Bergman, Widerberg, Fassbinder. It betsjut de oanset ta it Fries Film Circuit (FFC) en de filmhuzen yn Fryslan. De filmspoelen komme op tongersdei binnen en hoege pas tiisdeis werom nei de distributeur. Dus is der tiid om se ek op oare plakken te draaien: op freed yn Hippo yn Ljouwert, op sneon yn it Bolwurk yn Snits en op snein yn Vannu yn Boalsert. As ûnderdiel fan it FFC set Filmhûs Ljouwert op 14 septimber 1975 yn jongereinsintrum Hippo útein mei de Frânsk-Italjaanske film Touche pas à la femme blanche fan regisseur Marco Ferreri, mei grutte akteurs as Mastroianni, Piccoli, Noiret en Deneuve. Fan 15 jannewaris 1983 ôf draait it filmhûs hast alle dagen films yn de soasiëteitsseal fan de âlde Harmonie. Yn 1994 krijt it filmhûs twa sealen yn de nije Harmonie.

It AFI yn Harns organisearret it earste Super 8-filmfestival fan Nederlân. Wannear? Sels de VPRO komt der op ôf. In pear jier letter makket Penninga syn Harnser stedssjoernaals en Hoe een haven niet kon en er toch kwam, in film oer de skiednis fan de haven yn Harns, makke mei in Super 8-kamera. Super 8 is hip, makliker, goedkeaper. Mear minsken keapje kamera’s. De amateurfilmerij makket syn earste weach fan popularisearring mei. Yn de jierren tachtich folget mei de fideo de twadde weach en yn de nije ieuw de tredde mei de smartphones.

Henk Penninga leart it filmmakkersfak fan multi-talint Ernie Damen (1939), berne yn ….en ôfstudearre oan de keunst- en filmakademy. Damen is senarioskriuwer, lûdsman, kameraman, akteur en regisseur. Nei Hoe een haven meitsje Penninga en Damen tegearre ûnder oaren Het Lauwersmeer, een portret (1982) en ferskate 16-mm films en fideofilms. Henk Penninga syn bekendste film is Doarp, dêr’t er tusken 1992 oant 1995 mei in lytse crew oan wurket. It senario is fan Gerard Wolters. Yn Doarp ferdjippet Penninga it âlde konsept fan de doarpsfilm. De film is yn Minnertsgea opnommen, mar hat neffens Penninga in universeler karakter. It is in dokumintêre oer it plattelân en it libben yn in lytse doarpsmienskip. De film giet op it Nederlands Film Festival fan 1995 yn Utert yn premjêre, wurdt yn tal fan filmhuzen en bioskopen fertoand, draait op filmfestivals yn Frankryk, Spanje en Portugal, en wurdt troch de NCRV yn 1995 en 1997 op telefyzje utstjoerd. Oare films fan Penninga en it filmproduksjebedriuw Noorderlicht Film, dat er yn 1985 mei libbenspartner Wieke Mollema oprjochtet, binne Nei Boppe (2002), Ald Dyk (2007) en Ien fan us (2009). Penninga hat jierrenlang dosint filmkunde west oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Hy is de learmaster fan jonge filmmakkers, lykas Alex Pitstra en Mirjam de With.

Yn dy roaring Fryske filmseventies strike hjir no en dan ek filmmakkers fan bûten Fryslan del. Ernie Damen springt der út. Hy is in alternative en keunstsinnige filmmakker. Syn bekendste films binne: Rembrandt Vogelvrij (1970), Zwaarmoedige verhalen voor bij de centrale verwarming (1975), Zwaarmoedige verhalen – Zeeman tussen wal en schip (1975), Sacrifice Area (1980), Holland Street (1992).

De fertoaning fan de alternative film yn de Fryske jierren santich is gjin flechtige rite mar sil woartelje. Yn 1976 wurdt it Fries Film Festival yn Ljouwert foar it earst organisearre. Ien fan de ynisajtyfnimmers is de Ljouwerter amateurfilmer Jan van der Hoek. It festival wurdt in tradysje, earst ien kear yn ‘e twa jier, letter alle jierren. Yn de Harmonie begjint filmhûs Ljouwert fan 1983 ôf films te fertoanen en yn 1988 wurdt it Fries Film Archief oprjochte. Yn 1990 komt skiednisstudinte Anneke van Renssen mei in oersicht fan 1000 films dy’t yn of oer Fryslan makke binne, ynklusyf feiten oer makkers, ynhâld, technyske gegevens en fynplak fan it materiaal. Oan de hân fan dizze ‘earste tûzen’ begjint it filmargyf it Fryske filmerfguod te sammeljen en restaurearjen. By it Ryskargyf oan de Bûterhoeke yn Ljouwert wurdt in filmdepot ynrjochte. As it Fries Film Circuit de provinsjale subsydzje driget kwyt te reitsjen, wurde yn 1992 festival, filmhûs, sirkwy en argyf yn de Stichting Film in Friesland ûnderbrocht. De namme is in tribút oan it earste Fryske filmerskollektyf út de jierren tritich, Film yn Fryslân. Tjerk Visser, Sjoerd van Aalsum, Anneke van Renssen en jan van der Hoek binne spilfigueren. De lêste is amtner by de gemeente Ljouwert en makket foar Buro Foarljochting jierrenlang filmopnames fan wichtige stedssaken.