Jierren fyftich en sechstich

De wrâld brekt frij en it hongerige filmpublyk giet massaal nei de bioskoop om it symboal fan dy frijheid, de nijste Amearikaanske filmproduksjes, te bewûnderjen. Fryske amateurfilmers ferienigje harren opnij. De Fryske Filmrounte wurdt yn 1949 opdûkt, mar yn 1951 wurdt filmklup Kleare Kimen oprjochte. Johannes Doedes de Jong, ien fan de talintfolste Fryske filmmakkers út de jierren tritich, is der net mear by. Nei in jier detinsje besiket er de klap fan syn feroardieling foar kollaboraasje mei de Dútsers yn ‘e lijte fan syn wenplak Aldtsjerk te ferwurkjen. Hy set in foto- en filmbedriuwke op, dat yn de jierren fyftich en sechtich bloeie sil en bysûnder dokumintêr filmmateriaal oer Fryslân opsmyt. Der komme wichtige nije nammen oan it firmamint: Han de Vries, Keimpe Sikkema, Jan Bean Singelsma. By de lêste beide spylje hege Fryske idealen noch altyd in rol. Sikkema is in foaroansteand sjoernalist en de lettere direkteur fan de Fryske Akademy (1966). Hy filmet en skriuwt senario’s foar films fan Han de Vries, bygelyks oer Amelân (ca. 1955) en de ôfsluting fan de Lauwerssee (1969). Singelsma is learaar en tige aktyf yn de beweging fan de folkshegeskoallen. Hy wurdt mei-oprjochter fan de Fryske folkshegeskoalle Schylgeralân (1948) en skriuwt it senario foar de film Oh Skylge, myn lântse (1946), in oade oan Skylge en tagelyk de registraasje fan ien fan de earste simmerkampen fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein. Twa jier letter hat Singelsma sels in kamera en makket er Forsterkje de dyk (1948-1949), in twadde film oer it simmerwurk fan it Boun.

Ek Singelsma wurket geregeld gear mei Han de Vries, dy’t nei alle gedachten de wichtichste Fryske filmmaker fan de jierren fyftich is. De opkommende Fryske yndustry, rekreaasje en ynfrastrukturele wurken freegje om tûke promoasje en De Vries krijt ferskate filmopdrachten, ûnder oaren fan de Provinsje Fryslân. Ien fan syn moaiste films is Van waddenzand naar vruchtbaar land (ca. 1955). De film jout in geweldich byld fan it bûtendykse slykwurk en de lânoanwinning yn Noard-Fryslan. Troch kostbere lanbougrûn te winnen op it Waad makket ús provinsje de sprong nei de takomst, is it boadskip fan de Provinsje en Rykswettersteat. De tiid hat it idee achterhelle, mar it ymposante byldwurk fan Han de Vries bliuwt.

De leden fan Kleare Kimen produsearje hûnderten films, yndividueel en yn ‘e mande. Se slaan de hannen gear en foarmje filmploegen as der wer ris in Alvestêdetocht ferriden wurdt. Dat leveret weardefolle filmregistraasjes fan de tochten fan 1954, 1956 en 1963 op. Guon leden bouwe boppedat tige wichtich filmysk erfguod op troch rûnom yn Fryslân te filmjen. In moai foarbyld is L.E. Huijing, bestjoerslid fan it Koninklijk Friesch Paardenstamboek en amateurfilmer. Yn de jierren fyftich en sechtich hat er foar it KFPS it Fryske hynder yn al syn ferskiningsfoarmen fêstlein; op it lân, op de pleats, by de keuring, op it konkoers en de ringriderijen. Soks is goud foar hjoeddeiske dokumintêremakkers.

Fan ûnskatbere wearde binne ek de doarpsfilms fan de firma Johan Adolfs útt de jierren fyftich en sechstich. Dizze Enskedeese sakeman betinkt ein jierren fjirtich in filmkonsept dat kild opsmyte. Troch hiel Nederlân begjint er neffens in fêst senario doarpsfilms te meitsjen. Dy ferkeapet er oan pleatslike ferienigingen om se te fertoanen yn it doarp. Syn kameraminsken meitsje filmyske ‘doarpsportretten’, mei safolle mooglik minsken, winkels en bedriuwkes derop. Hiel it doarp moat op de film, dan komt it hiele doarp ek nei de filmfertoaning en dat is dan wer kassa. It filmbedriuw fan Johan Adolfs hat mear as 1500 doarpsfilms yn Nederlân makke, wêrfan in lytse 200 yn Fryslan. It binne films fan ca. 45 minuten. It kommersjele konsept fan Adolfs hat unyk nasjonaal en regionaal erfguod fuortbrocht. Meiinoar jouwe se in byld fan de ûntjouwing fan Nederlân bûten de grutte stêden yn de jierren fyftich en sechstich. De earste doarpsfilms yn Fryslân binne yn 1949 makke op ’e Jouwer, yn Wolvegea en de Westerein. Utsein Ljouwert, Snits en Dokkum hat Adolfs ek ‘doarpsfilms’ makke fan de Fryske stêden. Dy wienen lyts genôch om as gehiel te portrettearjen. Omdat Adolfs syn films ferkocht oan pleatslike ferienigingen, lizze se rûnom ferspraat. In part derfan is ferlern gongen. Fan de Fryske doarpsfilms is oant no ta ûngefear de helte weromfûn en it measte leit by it Fries Film Archief. De speurtocht nei dit bysûndere filmyske erfguod giet troch.

Yn de jierren fyftich fynt de echte trochbraak fan de filmproduksje yn Nederlân plak, ek yn Fryslân. Der untstiet in professionele filmmakkerswrâld en der binne hieltyd mear amateurfilmers aktyf. Yn 1956 wurdt it Produksjefûns foar Nederlânske films oprjochte. Der wurde benammen dokumintêres en amateurfilms útbrocht. Yn 1958 komt de film Fanfare fan Bert Haanstra út. It kin de start neamd wurde fan de mear serieuze filmindústry yn Nederlân. Fansels hat de opkommende telefyzje de Nederlânske filmmakkerswrald ek in wichtige triuw yn ‘e rêch jun. De earste (swart-wyt) telefyzjeútstjoering fynt plak op 2 oktober 1951.