
Yn 1917 wurdt Margaretha Geertruida Zelle yn Parys fusilearre. It ferhaal fan de yn Ljouwert berne Mata Hari is ferskate kearen ferfilme, mei grutte aktrises yn de haadrol: Asta Nielsen (1920), Greta Garbo (1931), Marlene Dietrich (1931), Jeanne Moreau (1964) en Sylvia Kristel (1985). De kâns dat der noch libbene bylden fan de echte Mata Hari opdûke wurdt hieltyd lytser. Ien histoarysk filmbyld is bewarre bleaun. It leit yn in Brits film footage argyf en is ûnderdiel fan in film oer de Earste Wrâldoarloch. It fragmint duorret fjirtjin sekonden. Mata Hari stiet op in bordes te wachtsjen. In man helpt har yn ‘e jas, in iepen auto rydt foar, se stapt yn en giet njonken de sjauffeur stitten, dy’t in offisier liket te wêzen. It is in snypsel, mar krekt genôch om de grandeur fan de diva te toanen.