Cinenord, it nije Fryske filmplatfoarm

It sit der oan te kommen! In Frysk filmplatfoarm. In organisaasje dy’t mei jild fan de provinsje it meitsjen fan professionele films yn Fryslân oanjaget en grutte lanlike filmproduksjes nei ús regio hellet. In netwurk fan Fryske filmmakkers. Om elkoar te ynspirearjen, fan elkoar te learen en elkoars kwaliteiten te ûntdekken en te brûken. In kweekfiver fan filmtalint. Film as medium om Fryslân as regio op ‘e kaart te setten, mei oandacht foar de Fryske taal, kultuer en literatuer.

It platfoarm hat al in namme: Cinenord. Elbe Stevens, filmmakker, produsint en oprjochter fan Cinesúd, it filmplatfoarm yn Limburch, hat op fersyk fan de provinsje Fryslân in plan foar Cinenord skreaun. Op ynisjatyf fan âld-deputearre Jannewietske de Vries prate er mei ferskate organisaasjes yn Fryslân en uteraard ek mei Ljouwert Kulturele Haadsted 2018. Yntusken is it plan yntsjinne by Deputearre Steaten en leit it foar besprek by Provinsjale Steaten. Dy sille der yn desimber oer debattearje. Wolle wy in filmplatfoarm? En wolle wy in filmfûns? Wat binne de ambysjes? Hoe soe it optúchd wurde moatte? En hoefolle jild moat der de kommende jierren oan útjûn wurde? It wurdt spannend. De oanwêzige filmmakkers op de earste Noardlike Filmmeeting tidens it Noardlik Film Festival yn novimber wienen ienriedich: It moat der komme. En leafst in Noardlik filmplatfoarm mei in filmfûns. Sûnder in goed filmfûns kin it noait echt wat wurde mei de film yn it Noarden.

Stevens pleitet yn syn plan foar in Frysk filmplatfoarm yn kombinaasje mei in filmfûns. Hy stelt foar om in saaklik en artistyk direkteur oan te stellen, in duo om it platfoarm de kommende tiid op te bouwen en de earste produksjes te realisearjen. Provinsje Limburch stekt no jierliks 500.000 euro yn filmplatfoarm/fûns Cinesúd. Yn de Filmkrant seit Stevens der it folgjende oer:

“Het duurde lang voordat provincie Limburg met vijf ton over de brug kwam. Dat is een mooi gebaar. Maar we hopen natuurlijk dat dat bedrag structureel verhoogd wordt tot 3 à 4 miljoen per jaar. Dan pas praat je over het stimuleren van een industrie in plaats van talentontwikkeling. Dan kun je ook buitenlands geld aantrekken. En dan wordt het ook interessant voor een post-productiebedrijf om zich in de regio te vestigen.” Als voorbeeld haalt Stevens Duitsland aan. “Ieder Bundesland heeft een eigen fonds. De regio Leipzig bijvoorbeeld heeft zo’n €13 miljoen te verdelen. Met zo’n bedrag help je echt iets op gang.”

Wurdt ferfolge!!