Willy Mullens en de âldste bewarre bleaune filmbylden fan Fryslân

De âldst bewarre bleaune filmbylden fan Fryslân binne, foar safier’t wy it witte, fan de Haachske filmregisseur en produsint Willy Mullens. Se gean, hoe kin it ek hast oars, oer de Alvestêdetocht en sitte yn de film Holland in IJs, in kompilaasje oer de strange winter fan 1917. Wy sjogge bylden fan de trochkomstplakken Frjentsjer, Harns, Hylpen, Sleat en Snits. Yn Hylpen poseart de lettere winner Coen de Koning deakalm foar de kamera. Hy hat alle tiid. Mullens sels nimt ek de tiid foar it “eigenaardige, oude plaatsje Hindeloopen” en filmet prikslydzjende froulju yn Hylper dracht, houtsnijwurk op sliden út 1644 en fleurige bern op it iis. Kurieus is dat wy de oankomst fan de tredde Alvestêdetocht yn Ljouwert net yn byld krije. De bylden fan de tocht toane in gut kontrast mei de hektyk fan de tocht hjoed de dei.

Yn 1920 is Mullens werom yn Fryslân. Hy makket stedsfilms oer Boalsert, Frjentsjer, Harns, Ljouwert, Snits en Starum, twa films oer it meitsjen fan bûter en tsiis yn opdracht fan de Friesche Cooperatieve Zuivel-Export Vereeniging (Frico) en in film oer it stoomgemaal op ‘e Lemmer. Willy Mullens is ien fan de wichtichste Nederlanske filmpioniers. Begjin tweintichste ieu begjint er mei syn broer Bernard (Albert) in reizgjende merkebioskoop, de Albert Frères, in grutte konkurrint fan Christiaan Slieker. Letter iepenet er de Residentie-Bioscoop yn Den Haach en leit er him ta op filmproduksje en -rezjy. Tusken 1901 en 1928 produsearret er hast seishûndert films, fan 1918 of ûnder de namme Haghe Film, dat oant de jierren fyftich ien fan de grutste Nederlânske produsinten fan opdracht-, bedriuws- en reklamefilms wêze sil. Om 1920 hinne stiet Mullens op syn absolute hichtepunt. Hy produsearret yn dat jier mear as hûndert films. In part fan syn films, ek dy’t er yn Fryslân makket, leit by Filminstitút EYE yn Amsterdam en is online te besjen.