Presentatie Frysk Bûsboekje 2017 op 28 september bij Slieker Film

Bûsboekje-2017-330x190

Woensdag 28 september om 17.00 uur wordt het eerste exemplaar van it Frysk Bûsboekje 2017, de populaire jaarlijkse Friestalige zakagenda, aangeboden bij Slieker Film. Het thema van het nieuwe Bûsboekje is ‘Film yn Fryslân’. Speciaal voor het boekje schreef Syds Wiersma, coördinator van het Fries Film Archief, een korte schets van de Friese filmgeschiedenis. Ook dichter en filmliefhebber Anne Feddema werkte mee. Hij schreef het filmische gedicht ‘Minskefinzene fan Pathémos yn’e bioskoop’, dat in dit bijzondere boekje is opgenomen.

It nije Fryske Bûsboekje foar 2017 is út! It tema is dit jier: Film yn Fryslân. In ûnderwerp dat al hiel lang libbet yn Fryslân. In pear foarbyldsjes: Yn de jierren tritich al wie der in libben Frysk filmklimaat. Yn de jierren santich waard it Fries Film Circuit oprjochte, mei ferskate filmhuzen yn de provinsje. Ek it Fries Film Festival (no: Noordelijk Film Festival) begûn doe. Yn 1985 maak Pieter Verhoeff De Dream, de earste Frysktalige spylfilm.

Hjoed-de-dei is der wer in protte posityfs oer de film yn Fryslân te melden. Projekten as 48Hour Fim Project jouwe jong, kreatyf talint in kâns op it (ynter)nasjonale toaniel. Jonge filmmakkers út Fryslân winne rûnom prizen. En der is – lykas yn de jierren tritich en tachtich/njoggentich – sprake fan in moaie bondeling fan krêften út literatuer, teater, muzyk en film. Fryslân ûntdekt de kânsen om troch film syn kultuer, taal en kreativiteit op ‘e kaart te setten. En wêrom ek net?! IIslân hat bygelyks minder ynwenners as Fryslân, mar slacht foar master op.

Graach nûgje wy jo út foar in koarte presintaasje fan it nije Bûsboekje. Dat sil wêze op woansdei 28 septimber fan 17-18 oere by Slieker Film yn Ljouwert. It earste Bûsboekje 2017 sil dan oerlange wurde oan Anneke van Renssen, pionier fan de film yn Fryslân yn de jierren tachtich en njoggentich.

Syds Wiersma fan it filmargyf wie dit jier gastredakteur fan it Bûsboekje en fertelt koart oer de ynhâld. Anne Feddema draacht syn nije filmfers foar, dat yn it Bûsboekje stiet. Dêrnei wurdt der in koarte kompilaasje fertoand fan de earste Frysktalige film “Kar út Twa” (1937).

De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Sûnt doe hawwe frijwilligers der alle jierren foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjintwurdich is dat de Ried fan de Fryske Beweging.

Fan it Bûsboekje 2016 (tema: Suvel) binne der 3700 stiks ferkocht. Yntusken is it Bûsboekje 2017 troch frijwilligers rûnom yn Fryslân ferspraat. It leit yn ‘e kroade fan de Sutelaksje, dy’t wer nij libben kriget. Ek op guon plakken bûten Fryslân is it Bûsboekje te keap, en fia it webstek kin besteld wurde: www.bûsboekje.frl

Folgje it Bûsboekje op Twitter: @Frysk_Busboekje
Foar fragen en ynfo: email hidden; JavaScript is required