
Yn de Histobios yn de stúdzjeseal fan Tresoar is de hiele moanne desimber in seis oeren duorjende kompilaasje te sjen mei ferskate doku’s en making-ofs fan Pieter Verhoeff. Troch de wike begjint it programma om 10.00 oere, yn it wykein om 11.00 oere.
Regisseur Pieter Verhoeff ferstoar yn april 2019 op 81-jierrige leeftyd. Hy liet in ryk oeuvre nei, dat yn novimber by it Noardlik Film Festival yn in retrospektyf fertoand waard.
Yn ús kompilaasje yn de Histobios sitte de making-ofs fan Verhoeff syn Frysktalige spylfilms (De Dream, Nynke en De Vuurtoren) en syn ûnbekendere wurk. Sa makke Pieter Verhoeff ein jierren 60 in spraakmeitsjend portret fan de Fryske skriuwer Trinus Riemersma, dy’t ûnderwizer wie yn it doarp Gau en dêr nei oanlieding fan syn roman Minskrotten-Rotminsken yn konflikt kaam mei it skoalbestjoer en in part fan it doarp. Verhoeff syn doku’s oer keunstner Dette Glashouwer, makke foar Omrop Fryslân, litte wy ek sjen, lykas Sa Seach ik Fryslân, in lang fraachpetear fan Geart de Vries mei Verhoeff út 1994.
PROGRAMMA YN DE HISTOBIOS
2 desimber 2019 – 5 jannewaris 2020
OADE OAN PIETER VERHOEFF
Doku’s en making-ofs fan syn spylfilms
Alle dagen en trochrinnend
10.00-16.00 oere
10.00 – 10.28 oere
Trinus Riemersma yn Gau
1968
Pieter Verhoeff / IKOR
10.28 – 10.53 oere
Hendrik Algra; sjoernalist, histoarikus en politikus
1968
Pieter Verhoeff / IKOR
10.53 – 11.25 oere
Werken aan een Droom; de Making-of fan De Dream
1985
Roeland Kerbosch
11:25 – 11:54 oere
De Vuurtoren; de making-of
1994
Gryt van Duinen / Omrop Fryslân
11:54 – 12:28 oere
Sa seach ik Fryslân; fraachpetear mei Pieter Verhoeff
1994
Geart de Vries / Omrop Fryslân
12:28 – 13:07 oere
Dettes Memmetaal; portret fan teatermakker Dette Glashouwer
1999
Pieter Verhoeff / Omrop Fryslân
13:07 – 13:17 oere
Nynke; de Making-of
2000
Omrop Fryslân
13:17 – 14:41 oere
Ik King Lear; Rients Gratama as King Lear
2003
Pieter Verhoeff / IDTV / Omrop Fryslân
14:41 – 15:12 oere
It Riedsel; portret fan byldzjend keunstner Jannie Regnerus
2009
Pieter Verhoeff / Interakt / Omrop Fryslân
15:12 – 16:06 oere
Fier fan hûs; doku oer teatermakker Dette Glashouwer (2 dielen)
2013 / 2014
Pieter Verhoeff / Interakt / Omrop Fryslân
FIERDER YN DE HISTOBIOS – MOANDEI – FREED 10-22 OERE
16-17 uur Rariteitenkabinet – trukaazje- en animaasjefilms út it filmargyf
17-19 uur Leeuwarden op film. De mooiste beelden van de Friese hoofdstad uit de 20ste eeuw
19-20 uur Rariteitenkabinet – trukaazje- en animaasjefilms út it filmargyf
20-20.45 uur Doarpsfilm Langwar 1966 + bonusmateriaal Langwar 1937
20.45-22 uur Fries Film Archief Rubryk by Omrop Fryslân
SNEON – SNEIN 11-17 OERE
11-17 oere OADE OAN PIETER VERHOEFF (sjoch oare side)