Omrop Fryslân toant skatten út it Frysk Film Argyf

Collectie Zerb uitgelichte afbeelding 2

Tiisdei 11 septimber stjoert Omrop Fryslân de earste ôflevering út fan in rige oer skatten yn it Frysk Film Argyf. It filmargyf sammelt al tritich jier films en video’s dy’t yn Fryslân makke binne. De kolleksje jout in prachtbyld fan hoe’t der troch de jierren hinne yn Fryslân libbe, wenne en wurke waard. De Omrop pikt der de kommende moannen inkele skatten út en makket dêr koarte reportaazjes oer.

 

 

Sjoch hjir de ôflevering fan Omrop Fryslân

Sjoch hjir de kolleksje fan J.H. Zerb

De rige begjint moarn mei de filmkolleksje fan bistedokter Johan Zerb (1920-2001) út Akkrum. Letter dit jier folgje reportaazjes oer it âldste filmmateriaal makke op Flylân (mei dêryn de âldste kleurebylden út it filmargyf) en de films fan George Pothaar út Hearrenfean (mei unike bylden fan de befrijing yn 1945). De kar foar de items dy’t dêrnei komme is noch net makke.

Begjin jierren sechstich makken Johan Zerb en syn frou Siets Zerb-de Jong (1924-2009) namme as ‘ûnderwetterfilmers’. It wienen entûsjaste dûkers. Mei in sels makke ûnderwetterkamera skeat Johan bylden  oan de Frânske en Spaanske Rivièra. Dat liede yn 1962 ta de film Bouillabaise (in Frânske fisksop). Johan montearde de film,  Siets wurke mei oan it skript en spruts de voice-over yn. De film wûn de earste priis by de jierlikse filmwedstriid fan de Kleare Kimen, it grutte Fryske filmerskollektyf dat begjin jierren fyftich oprjochte wie. Bouillabaise waard yn 1965 ynstjoerd foar it Ynternasjonale Filmfestival yn it Ingelske Brighton en wûn dêr in twadde en tredde priis. Mei de film Onzin, in dûkersfilm dy’t grappich begjint yn de badkúp fan de famylje Zerb yn Akkrum, wûn Zerb yn 1964 de earste priis op de distriktsdei Noard fan de NOVA, de Nederlandse Organisatie van Amateurfilmclubs.

Johan Zerb filme ek geregeld yn Akkrum. Hy makke bygelyks in film oer de Akkrumer U.T.-fabryk (Ulbe Twijnstra Oaljefabriken N.V.) en filme ferskate eveneminten yn it doarp. As lid fan de Kleare Kimen wie er yn 1963 belutsen by de filmreportaazje dy’t it kollektyf makke oer de Alvestêdetocht. De film waard útbrocht ûnder de namme De IJsmarathon / De Barre Tocht en gie yn premjêre yn de amtswenning fan Kommissaris fan de Keningin H. Linthorst-Homan, yn bywêzen fan it Alvestêdebestjoer en winner Reinier Paping en inkele oare alvestêderiders.

It Frysk Film Argyf hat op it stuit ca. 13.000 dragers – films en video’s – yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren gâns groeid, omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfguod. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en publyk tagonklik te meitsjen.

Omrop Fryslân
Tiisdei 11 septimber
Om 17.00 oere en dêrnei alle oeren yn Fryslân Hjoed