Obe Postma in rapper avant la lettre!!

Obe_Postma 7

De Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) wie in rapper avant la lettre. Dat die bliken doe’t komponist Sjoukje Visser spesjaal foar de Obe Postmadagen in muzikale beat makke by in lûdopname fan Obe syn foardracht fan it gedicht ‘Ein’ (1935). De bylden fan de dichter komme út it Fries Film Archief en binne makke troch Klaas Mol, dy’t de gasten by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis ein jierren 40 yn Boalsert filme.