Frysk Bûsboekje 2017 mei tema Film & Fryslân

Bûsboekje 2017


It nije Bûsboekje (zakagenda) – it bêst ferkochte Fryske boek mei in jierlikse oplage fan omtrint 4000 stiks – is út en leit oeral yn ‘e provinsje foar €7 te keap. It tema fan 2017 is Film & Fryslân. Syds Wiersma, koördinator fan it Fries Film Archief, wie dit jier gastredakteur. Hy hat in koarte ynlieding oer de skiednis fan de film yn Fryslân skreaun. Fierders binne der ‘weetjes’ en ‘sechjes’ oer de (Fryske) film troch it boekje hinne struid en is it boekje yn filmsfear opmakke, mei filmstills en -posters. Foaryn it boekje stiet in prachtich, filmysk gedicht fan Anne Feddema en ek de tekst fan de titelsong fan de Fryske spylfilm De Fûke is opnommen. 

Njonken syn koarte ynlieding yn it bûsboekje hat Syds Wiersma in langere skets fan de Fryske filmskiednis skreaun. Dy is pleatst op de webside fan it Fries Film Archief.  De skets bestiet út fyftjin items en is perioadyk opboud. De kommende tiid sille der mear itemkes bykomme en besteande items oanfolle wurde, sadat der in goed oersicht fan de Fryske filmskiednis ûntstiet. De film yn Fryslân is in relatyf ûnderbeljochte gebiet yn de skiedskriuwing fan Fryslân. It wurdt tiid dat dêr feroaring yn komt. Hjir de link nei de skets op de webside fan it filmargyf.

It earste eksimplaar fan it Bûsboekje wurdt woansdei 28 septimber oanbean bij Slieker Film. Anneke van Renssen, pionier fan de film yn Fryslân yn de jierren tachtich en njoggentich, sil it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

De fêste redaksje fan it bûsboekje bestiet út: Minke Dooper, Adalgard Willemsma, Sieta de Vries, Klaas Johan Osinga en Piter Andringa (opmaak).

 

Minskefinzene fan Pathémos yn’e bioskoop 

Tiid glûpeaget my intermission oan
Myn film stilllibben giet fluch foarby
Mislearre screenscreamskriemer
Sân stjerren yn ‘e lofterhân
Yn ‘e rjochter realtime
Fol spesjale effekten
Ik praat yn tongen

 Yn ûndertiteltaal
Jimme Evangelista
Hier rûchwyt as wol
Ferneamd Frysk Filmstjer
Antlit fergriemde grime
Make Up your mind
Ik libje…deadzje net foar d

e lol

Der rôlet in leech fleske ivichheid
Troch de tsjustere seal
Are you talkin’ to me?
There is nobody else in this room
Nim my op, dit libben
It leafst yn trijedee
Mar ek myn stjerren
Hiel stadich…lûdleas
STIL.

Of wurdt dat in stomme film?

Anne Feddema (2016)