FFA yn de Moanne fan it Fryske Boek

Yn de Moanne fan it Fryske Boek is it Fries Film Archief op twa fronten aktyf, op 14 septimber op de boekejûn en op 9 oktober mei de première fan de filmkolleksje fan Johannes Doedes de Jong.

Boekejûn – 14 septimber

By it Boekefeest op 14 septimber yn Tresoar draait ‘Starlight Countryside’ yn de bioskoop op de stúdzjeseal. It is in tribute oan de doarpsfilmer Johan Adolfs (1917-1977). Adolfs wie in filmmakker út Enschede dy’t tusken1948 en 1970 hast 1500 Nederlânse doarpen en stêdsjes filme hat, wêrûnder ûngefear 170 yn Fryslân. In part fan syn films sit yn de kolleksje fan it Fries Film Archief. Adolfs hie in bysûnder talint om minsken foar de kamera te krijen en harren op unike wize te portrettearen. Tsjisse Hettema hat in kompilaasje makke út de films fan Adolfs en dy kombineard mei fragminten út Fryske gedichten. De film wurdt fertoand yn de bioskoop fan Tresoar. It is in ko-produkjse fan Tresoar en Fries Film Archief.

 

Filmjûn oer Johannes Doedes de Jong – 9 oktober

Op 9 oktober organisearret it Fries Film Archief de première fan de filmkolleksje fan Johannes Doedes de Jong (1912-1996), Frysk dichter, fotograaf en sjoernalist. De films fan J.D. de Jong binne foarich jier troch syn dochter skonken oan Tresoar. It Fries Film Archief hat de 25 films yn kaart brocht en digitalisearre. It giet om in tal bedriuwsfilms en in soad materiaal dat De Jong ûnderweis troch de provinsje sketten hat: natoerbylden, shots fan lânskip, boerewurk en silerij. Ut de films is in kompilaasje makke mei unike bylden. Syds Wiersma, koördinator fan it Fries Film Archief, hâldt in koarte ynlieding oer de kolleksje fan De Jong. Henk Dijkstra, direkteur fan it Frysk Lânboumuseum, beljochtet de lânboufilms en -scenes út de kolleksje. Mar der draaie foaral in soad filmbylden.