Earste bewegend byld fan dichter Obe Postma ûntdutsen

Obe Postma

By it Fries Film Archief is dizze wike bewegend byld fan de bekende Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) ûntdutsen. By ús witten is dit de earste kear dat der filmbylden mei Obe Postma foar it ljocht komme. De Boalserter amateurfilmer Klaas Mol makke yn novimber 1950 opnames fan de gasten by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis en de Joast Halbertsmapriis (doe noch tagelyk yn ien plechtichheid). Hy filme in oantal minsken dy’t it stedhûs yngiene en der letter wer útkamen. Dêrby ek de dichter Obe Postma, Gysbert-priiswinner fan 1947. Yn 1950 wie Postma 82 jier.

It filmmateriaal waard ôfrûne jier troch dochter Elly Mol oan it Fries Film Archief skonken. Tsjisse Hettema, meiwurker fan Tresoar en it Fries Film Archief, ûntduts de opnames doe’t hy de films fan Mol trochnaam foar it meitsjen fan in gedichteclip oer Salves, de soan fan Gysbert Japicx. As alle minsken op de bewegende bylden teplakbrocht binne – foar safier dwaanlik – komt it hiele filmke oer de útrikking fan de prizen (langte 85 sekonden) beskikber. Om Gysbert-priiswinner Ype Poortinga sille de sjoggers fergees sykje: dy wie siik op de dei fan de priisútrikking en koe der net by wêze.

It Fries Film Archief hat fan de bylden fan Obe Postma in montaazje makke.