De stille kant fan de oarloch op dvd

De Moanne, nû. 3, april 2012

Om 15 april hinne, befrijingsdei fan Fryslân, komt der in bysûndere dvd-boks út. Tijdsbeeld Media presintearret dan Friesland in de Tweede Wereldoorlog. Trije dvd’s mei filmmateriaal, opnommen yn de oarlochsjierren, meast troch amateurfilmers (amateur yn de sin fan leafhawwer). In part fan it materiaal is nij en spesjaal foar dizze útjefte troch it Fries Film Archief digitalisearre. In oar part wie al earder bekend fan it Verzetsmuseum yn Ljouwert, it projekt “Oorlog in Blik” en de lanlike polygoonsjoernaals. De útjefte past yn in rige. Tijdsbeeld Media joech oant no ta dvd’s út oer de oarloch yn Amsterdam, Utert, Rotterdam, East-Brabân, Nijmegen, Haarlem, Den Haach, Arnhem, Súd-Limboarch en Noard-Hollân. De dvd-boks oer Fryslân komt út yn in nije rige mei Grins, Drinte, Gelderlân en Noard-Brabân.

It filmmateriaal op de boks is ûnderferdield yn haadstikken: Foar de oarloch, Oarlochstiid, Reedriden yn de oarloch, Propagandafilms, Ferset, Deistich libben, Befrijing en Nei de oarloch. De haadstikken jouwe in ryk ferskaat oan bylden. Sa sjogge wy de oprop ta mobilisaasje yn Bakkefean, in ympresje fan de aktiviteiten fan de Nederlânske Arbeidstsjinst yn Warkum, de evakuaasje fan de bern út it Nije Stedsweeshús yn Ljouwert, in wedstrydferslach fan de Alvestêdetocht yn 1941, befrijingsfeesten op meardere plakken yn de provinsje, de weromkear fan evakuees. En dat is noch mar in lyts priuwke. De films oer de oarloch yn Ljouwert dy’t it Verzetsmuseum yn 2010 op dvd oan de Ljouwerter skoallen skonk, binne ek meinommen. Dy hearre by it oangripendste part fan it materiaal. De filmkes fan toskedokter Ruurd Rodenburg oan de Spanjaardslaan bygelyks. Hy hie de helderheid fan geast om op 12 novimber 1942 syn kamera te pakken en achter de fitraazjes wei te filmjen hoe’t it Joadske gesin De Jongh – heit en trije dochters – fan nûmer 133 troch in plysjeman ophelle wurdt. Se slepe mei koffers, meneuvelje by de foardoar om, rinne nei it krúspunt ta. In inkeling op ’e dyk bliuwt stean te sjen. De rest fan de skiednis kenne wy út oare boarnen. Yn Westerbork binne se daliks fierder deportearre nei Auschwitz, dêr’t se in wike letter op 19 novimber alle fjouwer ombrocht wurde. Rodenburg filmet ek hoe’t op 17 maart 1943 it hûs fan De Jongh leechhelle wurdt troch ferhuzersbedriuw J. Postma. Ek dêrby jouwe oare boarnen de kontekst: de húsrie fan tsientûzenen Joadske gesinnen waard sa nei Dútslân ferfierd en bedield oan húshâldens dy’t troch de bombardeminten troffen wienen.

Speure nei films út de oarloch

De ôfrûne jierren die bliken dat der hûnderten amateurfilmers yn de oarloch aktyf west hawwe. Guon filmen de hiele oarloch troch, al wie der krapte oan filmmateriaal en lei der in ferbod fan de besetter op filmjen. It klupblêd fan de feriening foar amateurfilmers (“Het Veerwerk”) die de folgjende oprop: “Blijf uw camera trouw, maak er echt een tijdsbeeld van. Niet omdat het filmen nú zo een geweldig belangrijke bezigheid is, maar omdat het straks een dankbare bezigheid zal blijken te zijn.” De echte belangstelling foar dat materiaal is frij resint. In special fan “Andere Tijden” út 2004 – WOII in amateurfilm. Het leven ging door – makke dúdlik dat der folle mear filmmateriaal út de oarlochsjierren makke en bewarre bleaun is as dat wy tochten. De webside “Oorlog in Blik”, dy’t yn 2010 lansearre waard en in macht audiofisueel materiaal út Nederlânske byld- en lûdargiven online beskikber stelt, lit sjen wat der yn koarte tiid boppe wetter helle is. It Fries Film Archief is aktyf belutsen by “Oorlog in Blik” en hat al behoarlik wat Frysk filmmateriaal út de oarloch sammele en digitalisearre. Noch altyd komt der oarlochsmateriaal by it argyf binnen. Heal maart bygelyks waarden de films fan de Snitser ûndernimmer A.M. Nauta by it argyf yn behear jûn, dy’t makke waarden tusken 1939 en 1950. Dy wurde no ûndersocht en ynkoarten digitalisearre. Spitigernôch komme se te let foar de dvd-boks, mar it materiaal sil meidertiid op de webside fan it Fries Film Archief te besjen wêze en fansels by “Oorlog in Blik” ynbrocht wurde.

Amateurfilmers yn de oarloch

Film- en lûdsfragminten út de oarloch bringe it ferline fuort foar eagen. Mei’t de groep dy’t de oarloch persoanlik meimakke hat lytser wurdt, wurde sokke fragminten as tsjûgen hieltyd wichtiger. Se bringe dy oarloch dy’t fan ús ôf giet op in unike wize wer tichterby. Dat jildt útsoarte foar filmmateriaal dat troch ‘amateurs’ makke is, omdat it frij is fan it boadskip fan de autoriteiten. Partikuliere filmers litte ús sjen hoe’t it deistich libben ûnder de besetter wie. Se hawwe de stille kant fan de oarloch fêstlein. No moatte we dat fansels net idealisearje. It is goed om te betinken dat amateurfilmers troch de bank nommen by it begoedige part fan de befolking hearden. Sy koenen de djoere hobby fan it filmjen betelje. In pear foarbylden fan de dvd-boks: Mindert Hepkema wie advokaat, Ruurd Rodenburg wie toskedokter, Piet Wagter hie in florearjende blommesaak. De ûnhuere kant fan beset Fryslân hawwe sy net yn byld brocht.

Re-enactment

Itselde jildt foar de wrâld fan it ferset. Dy filmje wie fierste gefaarlik. Dêrom is de film fan it Ljouwerter ferset, dy’t ek op dizze dvd-boks stiet, sa unyk. Fuortdaliks nei de befrijing spilen fersetslju harren wurk nochris nei foar de kamera: sabotaazjewurk, koerierswurk, en fansels de ôflústerpost yn it pand fan boekhannel Wielenga oan de Nieuwe Oosterstraat, dêr’t telefoangesprekken en ferhoaren yn it Burmaniahûs ôflústere waarden. Yn 1991 dûkte de film ynienen op doe’t Jake Bultsma, de soan fan fersetsman Eppie Bultsma, nei it ferstjerren fan syn mem de neilittenskip trochgie. Sa kaam de film Verzet in Leeuwarden foar it ljocht. Hy waard oan it Verzetsmuseum skonken, waard restaurearre en foar it earst ûnder de oandacht fan it publyk brocht. De oerfal op de Blokhúspoarte op 8 desimber 1944 wurdt net neispile yn de film fan Bultsma, de tarieding dêrop wol. Yn 1962 wurdt de spylfilm De Overval makke. Dy luts folle sealen, mar wie in teloarstelling foar guon fersetsminsken, omdat de makkers meardere minsken yn it personaazje fan Bultsma skood hienen en der dus wichtige histoaryske nammen út de film weifoelen. In spylfilm kin úteinlik net oars as de kant fan de fiksje kieze, mar as fiksje sa konkreet weromgiet op histoaryske foarfallen, kin dat behoarlik betiizjend wurkje. Ek dêrom moatte wy bliid wêze mei elk amateurfilmke dat opdûkt.

Joadske filmers?

It is spitich dat der op dizze dvd-boks gjin materiaal fan Joadske amateurfilmers stiet. It is der gewoan net, of noch net fûn. Wy witte net oft der filme waard yn de Joadske mienskippen yn Fryslân. En as dat sa wie, is de kâns grut dat it materiaal ferlern gien is. Yn Amsterdam binne wol filmkes fan Joadske filmmakkers opdûkt. Fansels steane dy net op de dvd-boks fan Fryslân, mar ik wol dochs even in pear neame. De famylje Ossedrijver wie in Joadske famylje út de Plantagebuert. Under de namme BerLeo-film leinen de broers Bernard en Leo Ossedrijver de wrâld fêst. Se filmen foaral deistige bylden: de bern, it park, de earste skoaldei, by de kapper. Mei it kommen fan de anty-Joadske wetten nimt de lading fan de bylden ta. Sa sjogge wy dochter Sonja as lyts famke ûnder it boerd ‘Judenstrasse’ troch huppeljen. Sa is der ek de film dy’t Joadske ûnderdûkers oer har eigen libben makken, boppe kabaretkafee Alcazar oan it Thorbeckeplein yn Amsterdam. Al is de kâns lyts, it soe bysûnder wêze as Frysk filmmateriaal fan dat kaliber de kommende jierren nochris opdûkt.

Gearwurking

De produksje fan de dvd-boks Friesland in de Tweede Wereldoorlog is net allinne ynhâldlik nijsgjirrich. It hat ek laat ta gearwurking tusken it Verzetsmuseum yn Ljouwert en it Fries Film Archief. It museum hat syn filmkolleksje yntusken oan it argyf yn behear jûn. De films fan it museum wurde no bewarre yn it filmdepot fan it argyf by Tresoar. It argyf hat de films fan it museum opnij digitalisearre. De gearwurking makket in sprong foarút nei it nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein, dêr’t it Verzetsmuseum in eigen ferdjipping krijt. Mei it argyf sil besjoen wurde hoe’t de útstallings fan it Verzetsmuseum kombineard wurde kinne mei materiaal fan Fryske amateurfilmers. De dvd-boks jout dêr alfêst in moaie oanset foar. It hat boppedat it sammeljen fan films út de oarloch in nije triuw yn ’e rêch jûn. Ik ferwachtsje dat der de kommende tiid yn de provinsje mear filmmateriaal út de oarloch loskomme sil.

Dvd-boks

Werom nei Tijdsbeeldmedia, de produsint fan de dvd-boks. TBM makket sûnt 2005 televyzje- en dvd-produksjes, webapplikaasjes, bedriuwsdokumintêres, ensfh. op basis fan argyfmateriaal. Moaie produksjes binne 50 jaar Studio Sport (dvd), Kamp Westerbork, de film (dokumintêre yn gearwurking mei de NOS), Einde van Indië (dvd-boks op basis van útstjoeringen fan “Andere Tijden”), Holland Doc Delicatessen (yn gearwurking mei NRC Handelsblad) en fansels de rige oer de Twadde Wrâldoarloch. Foar de produksje fan Friesland in de Tweede Wereldoorlog hat TBM de gearwurking mei de Ljouwerter Krante socht. Yn de krante waard in oprop dien om Frysk filmmateriaal út de oarloch oan te melden. Oars as bygelyks yn Noard-Brabân is dêr hast net op reagearre. Dat hat ús fernuvere. Miskien seit it wat oer it wurk dat hjir de ôfrûne desennia al ferset is. It Fries Film Archief bestiet takom jier 25 jier en is dêrmei it âldste regionale filmargyf fan Nederlân. In saak om grutsk op te wêzen.

  • De 3dvd-boks Friesland in de Tweede Wereldoorlog wurdt nei alle gedachten op 16 april yn Filmhûs Ljouwert presintearre. De boks is foar €19,95 te keap yn de webwinkels fan de Ljouwerter Krante en Tijdsbeeldmedia (www.winkelvandenostalgie.nl).

Syds Wiersma, koördinator Fries Film Archief